Read in English

It International Press Institute (IPI) en MIDAS kundigje hjoed, 12 april, de earste oprop oan foar oanfragen foar de NewsSpectrum Fellowship.

De beurs stiet iepen foar sjoernalisten en oare mediaprofessionals dy’t wurkje foar media yn minderheidstalen yn de EU (ynklusyf Roma- en migrantetalen) en hat as doel om gearwurking tusken nijskanalen yn minderheids- en mearderheidstalen te stimulearjen.

NewsSpectrum ferwachtet yn 2021 40 beurzen te finansierjen fia twa regelingen: Collaborative Reporting Fellowships en Professional Placement Fellowships.

Fellowship-soarten en deadlines

De Collaborative Reporting Fellowship stipet reportaazjeprojekten útfierd troch sjoernalisten dy’t wurkje by minderheidstaalmedia (ynklusyf reguliere freelance meiwurkers) yn gearwurking mei in mearderheidstalich mediakanaal of in sjoernalist dy’t yn in mearderheidstaal wurket.

It reportaazjeprojekt kin him rjochtsje op elk ûnderwerp fan algemien belang dat relevant is foar it publyk fan beide media-organisaasjes. Der sil lykwols prioriteit jûn wurde oan projekten dy’t de spesifike situaasje of it perspektyf fan minderheidsgroepen yn de EU of de betrekkingen tusken minderheids- en mearderheidsgroepen beklamje. Projekten dy’t bydrage oan de berjochtjouwing oer Europeeske oangelegenheden yn media yn in minderheidstaal binne wolkom. Alle soarten reportaazjes komme yn oanmerking en ferhalen kinne publisearre wurde yn elk format. Digitale/audiofisuele ferteltechniken binne wolkom. De ferhalen wurde yn prinsipe publisearre troch sawol it mediakanaal yn de minderheidstaal as it mediakanaal yn de mearderheidstaal.

De deadline foar oanfragen foar Collaborative Reporting Fellowships is 28 maaie 2021. Nei ferwachting sille yn juny en augustus twa ekstra oproppen yn it ramt fan dizze regeling iepene wurde. Besjoch alle ynformaasje en faak stelde fragen.

De Professional Placement Fellowship stipet spesjale koartduorjende staazjes of stúdzjebesiken fan minderheidstalige mediaprofessionals by mearderheidstalige media. De fellowship-beurs stiet iepen foar alle meiwurkers fan it mediakanaal, ynklusyf sjoernalisten, redakteuren, fotosjoernalisten, nijsredaksjemanagers, managers fan sosjale media, ‘community’/mienskipsmanagers of meiwurkers dy’t har rjochtsje op digitale ynnovaasje. Fêste freelance meiwurkers komme ek yn oanmerking. It doel is om gearwurkingsfeardichheden en kennisútwikseling oer ferskate aspekten fan de nijsredaksjes te stypjen. Tink dêrby oan it skriuwen en publisearjen fan nijsberjochten, digitale transysje, bedriuwsmodellen, publyksbelutsenens en mienskipsfoarming.

Oanfragen foar de Professional Placement Fellowship wurde mei yngong fan hjoed, 12 april, oant en mei 28 maaie 2021, op rôljende basis behannele. Der is op it stuit mar ien oprop foar de Professional Placement Fellowship pland. Besjoch alle ynformaasje en faak stelde fragen.

Geskiktens- en oanfraachgegevens

Mediaprofessionals dy’t yn in minderheidstaal wurkje komme yn oanmerking foar de fellowship-beurs as harren mediakanaal fêstige is yn de EU of it Feriene Keninkryk en op syn minst 51% fan syn ynhâld produsearret yn in regionale taal of minderheidstaal (dêrûnder falle ek migrantetalen en Roma-talen). Lês hjir mear oer hokker talen yn oanmerking komme. De reportaazjepartner of -gasthear dy’t yn in mearderheidstaal wurket moat ek yn de EU of it FK fêstige wêze. Gearwurkingen oer de grins hinne binne wolkom.

Persoanlike fellowships wurde oanmoedige, yn oerienstimming mei it doel fan NewsSpectrum om duorsume partnerskippen op te bouwen tusken media yn in minderheidstaal en media yn in mearderheidstaal. Dat jildt foaral foar de Professional Placement Fellowship. Yn it ljocht fan de COVID-19-pandemy sille lykwols opsjes op ôfstân oerwoegen wurde, mits de aktiviteiten noch effektyf útfierd wurde kinne.

Oer it algemien wurdt fan beide fellowshipregelingen ferwachte dat se minimaal twa wiken duorje, mar fleksibele rintiden binne mooglik. De fellowships kinne op elk momint tusken juny en 31 desimber 2021 útfierd wurde.

Sawol de media-fellow dy’t wurket yn de minderheidstaal as de reportaazjepartner of -gasthear dy’t wurket yn de mearderheidstaal kinne elk oant € 6.000 per fellowship-beurs oanfreegje. Foar de partner dy’t yn de minderheidstaal wurket kin de subsydzje sawol de salariskosten dekke (rjochtstreeks werombetelle oan de wurkjouwer) as in talage foar lokale kosten (bgl. húsfêsting en libbensûnderhâld). Reiskosten wurde oanfoljend fergoede. Foar media yn de mearderheidstaal kin de subsydzje ek sawol salariskosten as reiskosten dekke, foarsafier fan tapassing. Yn totaal ferwachtet NewsSpectrum yn 2021 € 480.000 oan fellowship-beurzen ta te kennen.

It is fan belang dat ynteressearre mediaprofessionals foar it yntsjinjen fan in oanfraach earst de folsleine beskriuwing, geskiktens- en seleksjekritearia en oanfraachynstruksjes op de website fan NewsSpectrum lêze. Oanfragen moatte yn it Ingelsk opstjoerd wurde. Gadingmakkers wurde sterk oanmoedige om in reportaazjepartner of gastorganisaasje te sykjen foardat se in oanfraach yntsjinje. De projektpartners fan NewsSpectrum steane lykwols klear om te besykjen kânsrike oanfregers yn kontakt te bringen mei geskikte gastorganisaasjes, mocht dat nedich wêze.

De ‘fellows’ wurde útkeazen troch in seleksjekommisje fan fiif leden, dêr’t ûnôfhinklike eksperts yn sitte. It programma set him yn om de redaksjonele ûnôfhinklikheid fan alle begeunstige dielnimmers strikt te beskermjen.

Eftergrûn 

NewsSpectrum is in mienskiplik inisjatyf fan it International Press Institute (IPI) en de European Association of Daily Newspapers in Minority and Regional Languages (MIDAS). It European Roma Institute for Arts and Culture (ERIAC) is in stypjende partner.

NewsSpectrum is in nij programma dat ûntwurpen is om gearwurking tusken minderheidstaalmedia, wêrûnder migrantetalemedia, en harren mearderheidstalige wjergaders yn de hiele EU oan te moedigjen. De NewsSpectrum-beurzen hawwe as doel om de gearwurking tusken dy twa groepen te fersterkjen en de duorsumheid fan minderheidstalige media as krúsjale leden fan in frije en pluralistyske media-omjouwing yn de Europeeske Uny te stypjen. Fierder wolle se mediaberjochtjouwing stypje dy’t deskundich rapportearret oer minderheidskwestjes en dy’t it perspektyf fan fertsjintwurdigers fan minderheidsgroepen yn de nijsberjochten opnimt.

It NewsSpectrum-programma wurdt mei finansiere as proefprojekt troch de Europeeske Kommisje (DG Connect), mei oanfoljende finansjele stipe fan ERIAC. Fierdere partnerskippen sille oankundige wurde sa gau’t dy befêstige wurde.

Fragen?

Wy advisearje ynteresseare gadingmakkers om de website fan NewsSpectrum en ús FAQ pagina oer it yntsjinjen fan in oanfraach te besykjen. Mochten jo noch fragen hawwe, nim dan gerêst kontakt mei ús op.

Kontakt

Milica Miletic (IPI): [email protected]

Anna-Kira Pirhofer (MIDAS): [email protected]

Mis it lêste nijs net! Meld dy oan foar de NewsSpectrum nijsbrief.

 

(Photo by Finn Hackshaw on Unsplash)